• Sierk van der Linde 27-2-1938 – 22-2-2019

    Nei in tiid fan ôfnimmende sûnens is freedtejûn 22 febrewaris Sierk van der Linde ferstoarn.

    Doe’t Sierk en Ingeltsje yn 1971 mei harren fjouwer fammen yn Britsum kamen te wenjen, krige CSL der samar seis leden by.
    Mar it die al gau bliken dat Sierk syn kapasiteiten bûten de linen grutter wienen dan binnen de linen. Sadwaande kaam Sierk ek al frij gau yn it bestjoer fan CSL telâne. Foarearst as ponghâlder en letter as foarsitter. Mar ek bûten it bestjoer om wie Sierk fan grutte wearde foar CSL. Meastentiids gie dat yn gearwurking mei Ingeltsje. Op syn hichtepunt hie Sierk mear baantsjes yn de feriening dan hy oankoe. Hy hat doe syn bestjoersfunksje oan de kant lein en hat him talein op oare wichtige dingen foar de feriening. Sa hat hy jierrenlang mei Ingeltsje behearder west fan de kantine. Begûn yn in lyts keukentsje fan it klaaihok, dêr’t jo fan efter in plankje bestelle koenen en it hiele sportfjild de kantine wie. Letter oergien nei it Ald Begjin, mei echte bar en biljertseal. It klearlizzen en ûnderhâld fan it fjild hearde der ek by. Doe’t Britsenburgh kaam hawwe hy en Ingeltsje dêr in protte tiid yn stutsen. It wurk foar de feriening waard sa njonkelytsen oan de bern oerdroegen. Mar oan it lêst ta hat Sierk him belutsen field by CSL. No net mear sa bot yn it sicht, mar hy wist drommels goed wat der allegear geande wie.  

    Sierk hat foar CSL fan grutte betsjutting west. In part fan de hjoeddeiske generaasje sille dêr miskien sa net by stilstean, mar Sierk hat der mei foar soarge dat deselde hjoeddeiske generaasje, wêrûnder ek syn oerpakesizzers, hjoed de dei noch kuorbalje kinne.

    Wy, fan CSL, wolle Ingeltsje, bern, bernsbern en efterbernsbern in protte krêft tawinskje om dit grutte ferlies te ferwurkjen.